Takomst Aeolus ûnwis nei sluting boartersparadys

14 okt 2017 - 11:52
Aeolus - Foto: Google Streetview

It is noch net dúdlik wat der mei it ûntdekkingssintrum Aeolus yn Seisbierrum gebeurt, no't boartersparadys Ballorig de doarren mei yngong fan 1 novimber slút. Reden foar de sluting is neffens Sabine Amadi-Bergsma fan Ballorig it ûnderhâld oan de ferâldere glêzen piramide dêr't Ballorig en Aeolus yn sitte.

Neffens Amadi-Bergsma is de sluting emosjoneel foar de meiwurkers. ''Wy ha hjir bern grut wurden sjoen.'' Alle fiif opropkrêften fan Ballorig ferlieze harren baan by de sluting. Dat binne foaral jongere meiwurkers dy't yn de fakânsjes of wykeinen wurkje. De fjouwer fêste meiwurkers krije yn in oare festiging wurk oanbean.

It leit net oan it oantal besikers dat Ballorig ticht moat, seit Amadi-Bergsma. ''Fansels is der wol wat feroare en fernimme wy ek dat der konkurrinsje is, mar wy hiene neat te kleien oer it oantal besikers.'' Ballorig sit sûnt 2002 yn de karakteristike piramide yn Seisbierrum.

Trefwurden: 
Aeolus Ballorig Seisbierrum
(Advertinsje)
(Advertinsje)