KNRM Lauwerseach hat net genôch frijwilligers

14 okt 2017 - 11:17

De rêdingsmaatskippij KNRM siket minsken foar op de rêdingsboaten fan Lauwerseach. It team fan bemanningsleden bestiet no út 17 minsken. Dat binne der eins trije te min, seit de KNRM.

Minsken dy't de KNRM helpe wolle, moatte binnen in kertier yn Lauwerseach wêze kinne, sa seit Sietse van der Wal fan de KNRM. "It falt de lêste jierren net ta minsken te finen, want it is foar 24 oeren per dei en hieltyd mear minsken ha wurk bûten de regio."

Trefwurden: 
KNRM frijwilligers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)