Plysjes hâlde meardere drankriders oan yn Ljouwert

De strjitte Oer de Kelders yn Ljouwert © Google Streetview
In 31-jierrige begjinnende bestjoerder út Ljouwert is oanhâlden foar it riden mei drank op. De man waard yn de nacht fan freed op sneon oan de kant set. Dat wie op de Brandemeer yn de stêd. Al gau die bliken dat it al de tredde kear wie dat de man mei drank op achter it stjoer siet. De plysje hat syn rydbewiis ynnaam en de man moat meikoarten foar de rjochter ferskine.
De plysje yn Ljouwert hat mear drankriders oanhâlden. Op it Noardvliet waard in 20-jierrige man trappeare dy't mei drank op achter it stjoer siet. Hy krige in proses-ferbaal en in rydferbod fan trije oeren.
In eintsje fierderop, op de strjitte Oer de Kelders, waard 32-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy bestjoerde syn snorfyts mei te folle drank op. Dizze man krige in proses-ferbaal en in rydferbod fan 4 oeren.