Buorlju belje brânwacht en rêde hûs nei koartsluting

14 okt 2017 - 07:59
Foto: Plysje Ljouwert

De brânwacht fan Ljouwert is yn de nacht fan freed op sneon útriden nei in wenhûs oan de Willemskade. Troch koartsluting yn in kabelhaspel stie der reek yn it hûs. In buertbewenner hie dat sjoen, en belle de brânwacht. Dat wie om healwei twaën hinne. Brânwachtminsken koene foarkomme dat de saak eskalearre. Mei in fentilator ha se de reek it hûs útblaasd.

Trefwurden: 
brân Ljouwert Willemskade
(Advertinsje)
(Advertinsje)