Earste Europeesk kampioenskip dressuer foar Fryske hynders

Op Stoeterij Bommelsteijn yn Haskerhoarne set sneon it earste Europeesk kampioenskip dressuer foar Fryske Hynders útein. Likernôch njoggentich dielnimmers, wêrfan't sa'n tsien út it bûtenlân, stride de kommende twa dagen yn trije klassen om de titels. Meast bekende dielnimmer út Fryslân it Esther Liano.
It kampioenskip wurdt organisearre troch it K&PP. Dat stiet foar it Kennis en Promotie Platform Fries dressuur paard. Dizze stichting stelt him as doel de dressuer mei Fryske hynders nei in heger nivo te tillen en oansluting te sykjen by de top. Neffens Liano soe it moai wêze dat Fryske dressuer hynders yn de takomst ek oan WK's of de Olympyske Spelen meidwaan kinne.
De stichting fernimt dat der benammen bûten de provinsje noch sprake is fan in foaroardiel tsjin it Fryske hynder, dat as minder geskikt foar de dressuersport besjoen wurdt. Dit bygelyks fanwegen de swannehals dy't it hynder eigen is. Ek is der in oare wize fan training nedich as by waarmbloedige hynders.