Teloarstellende nederlaach Cambuur tsjin FC Oss

13 okt 2017 - 21:53

Sportklup Cambuur is freedtejûn yn de wedstriid tsjin FC Oss tsjin in teloarstellende nederlaach oanrûn. Yn it eigen Cambuurstadion ferlear de ploech fan trainer Marinus Dijkhuizen mei 3-1 fan de besikers. De Ossenaren wienen goed begûn oan de wedstriid; binnen tsien minuten stienen se al mei 2-0 foar. Yn it restant fan de earste helte sieten de Ljouwerters in bytsje mei de hannen yn it hier.

Pas doe't it twadde bedriuw úteinsette, makke Cambuur de oanslutingstreffer. It skot fan Daan Boerlage bedarre yn de 47ste minút achter de keeper fan FC Oss yn it net. Dochs soenen de Ljouwerters de efterstân net mear goed meitsje. Yn de ekstra tiid makke ynfaller Adarabioyo dien wurk foar syn ploech FC Oss: 1-3.

Takom wike spilet SC Cambuur in útwedstriid tsjin Almere City FC.

Trefwurden: 
SC Cambuur FC Oss fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)