Froulju SC Hearrenfean ûnderút tsjin ADO Den Haag

13 okt 2017 - 21:31
Foto: Martin de Jong

De froulju fan SC Hearrenfean moasten it freedtejûn ôflizze tsjin de froulju fan ADO Den Haag: dy wûnen yn it Abe Lenstrastadion mei 3-1 fan de Friezinnen. Yn de earste helte wienen der kânsen oer en wer, mar de bal woe der noch net yn. Sa bleaun it 0-0 oant de rêst ta. Der waard net wiksele yn it skoft.

Yn de twadde helte waard ADO Den Haag sterker en sterker. Keeper Devi Venema fan Hearrenfean hold in soad ballen tsjin, mar koe net foarkomme dat Nadine Noordam yn de 54e minút de 0-1 makke. De foarsprong die de Haachske froulju goed en twa minuten letter makke Carmen Simonis al de 0-2. Yn de blessueretiid makken se it noch ôf mei in 0-3 fan Chasity Grant. En de aksje hold mar net op oan de ein fan de wedstriid: yn de 93e minút makke Fenna Kalma it earste doelpunt foar Hearrenfean.

Sa einige de wedstriid úteinlik yn 1-3. In teloarstellende jûn foar de Feanfroulju, dy't sa op fiif punten stekken bliuwe yn it klassemint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)