Frituerpanne yn Ljouwerter snackbar yn 'e brân

13 okt 2017 - 20:36

Meardere auto's fan de Ljouwerter brânwacht binne freedtejûn útriden foar in brân yn in snackbar. Yn it gebou oan de Skrâns, krekt njonken it spoar, stie in frituerpanne yn 'e brân. It fjoer wie al gau ûnder kontrôle, dêrop binne de brânwachtauto's weromriden nei de kazerne.

Foar safier bekend is der yn de snackbar neat beskeadige rekke troch it fjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)