Masturbearjende man besoarget Noardwâldster bern trauma

13 okt 2017 - 20:10
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 26-jierrige man dy't in jier lyn yn Noardwâlde in pear bern de stûpen op it liif jage, troch himsels te befredigjen yn de garaazje fan harren âlden, moat him behannelje litte by ferslavingssoarch. Dat hat de rjochter freed besletten. Fierder krijt er twa moannen finzenisstraf ûnder betingst, mei er trije jier gjin drugs brûke en moat er de bern 650 euro smertejild betelje.

De bern kamen thús fan in feestje doe't se de man oantroffen. Se skrokken harren wêzenleas: de man wie mei de broek nei ûnderen nei porno oan it sjen op in kompjûter yn de garaazje, wylst er himsels befredige. De man hie dy dei drugs brûkt en wie nei eigen sizzen ûngelokkich op it plak dêr't er doe wenne. Doe wie der op 'e strún gien.

De bern wienen sa skrokken dat se tiden min slept ha en net yn de garaazje doarden te kommen. De âlden hawwe de garaazje sels ferboud, sadat de bern har der wer thúsfiele soenen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)