''Hearrenfean sil hannen fol hawwe oan FC Utrecht''

13 okt 2017 - 19:23

FC Utrecht sit yn in mindere perioade, mar is in stabile klup. Hearrenfean sil dêr sneontejûn de hannen fol oan ha. Dat seit trainer Jurgen Streppel fan Sportklup Hearrenfean in dei foar de kompetysjewedstriid tsjin FC Utrecht. Hearrenfean ferlear it foarige duel yn de earedifyzje, thús tsjin Ajax. De seleksje hat tongersdei en freed oanpast traind, omdat in soad spilers fan Hearrenfean de ôfrûne dagen wedstriden foar harren lân spile ha.

Sa kaam Yuki Kobayashi tiisdei noch mei Japan út tsjin Haïty, spile Reza Ghoochannejhad mei Iran tsjin Ruslân en makke Denzel Dumfries noch minuten mei Jong Oranje yn Oekraïne. En net te ferjitten Morten Thorsby en Martin Odegaard: sy fersloegen mei Jong Noorwegen Jong Dútslân en skoarden beide. En ek Kik Pierie hie ferplichtingen mei Oranje ûnder 19 jier. Mar no stiet FC Utrecht foar de doar. Trainer Streppel giet foar de winst yn Utrecht, al sil it dreech wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)