Camperkursus yn Ljouwert: "Voelt u zich wel veilig?"

13 okt 2017 - 18:20

''Voelt u zich wel veilig?'' Dy fraach waard steld oan ferslachjouwer René Koster doe't hy freedtemiddei ynstapte yn de camper fan ien fan de dielnimmers fan in camperkursus. De camper stie dan ek op it punt om op de slipbaan yn folle feart in needstop te meitsjen. It wie ûnderdiel fan in spesjale kursus, dy't de Nederlandse Kampeerauto Club (NKC) syn leden oanbiedt. Wa't de kursus docht, krijt fiif jier lang tsien persint koarting op de fersekeringspreemje. Om't it riden mei grutte campers hiel oars is as mei in persoane-auto, fynt de NKC it wichtich om dizze kursussen oan te bieden. De kursus waard yn Ljouwert holden op it oefen- en slipsirkwy fan rydskoalle Tilstra.

Trefwurden: 
camper kursus Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)