"Der is in ferbân tusken de bommeldingen"

13 okt 2017 - 18:05
Plysje is oanwêzich op it Gomarus College - Foto: Kappers Media

De bommelding dy't it Gomarus College en de Willem Alexanderskoalle yn Ljouwert tiisdei krigen, binne deselde meldingen as dy't njoggen oare skoallen yn Nederlân dy dei krigen. Dat seit direkteur Roy White fan de Internationale School yn Eindhoven dy't tiisdei ek in bommelding krige.

White sei dat neidat de ferskate ûnderwiisynstellingen freed kontakt hân hawwe. De plysje giet noch net op it ferhaal yn, mar lit wol witte dat it foar de hân leit dat er in ferbân is tusken de meldingen.

Trefwurden: 
bommelding plysje
(advertinsje)
(advertinsje)