"Gefolgen besunigingen sûnenssoarch meinimme yn debat tbs"

13 okt 2017 - 17:58

De gefolgen fan de besunigingen op de geastlike sûnenssoarch moatte meinaam wurde yn it debat oer tbs. Dat seit de Ljouwerter advokaat Bart Canoy. Nei oanlieding fan de dea fan Anne Faber wurdt der de ôfrûne dagen in protte diskusjearre oer tbs. De man dy't de plysje oanwiisd hat wêr't har lichem lei, wie earder al feroardiele foar in selde misdriuw. Minsken sizze no dat er dêr tbs foar krije moatten hie. Canoy begrypt de diskusje, "maar misschien raakt het de kern van het probleem niet."

"We verwaarlozen een heleboel mensen door ze zorg te onthouden dan wel te laat aan te bieden. Deze zorg moet aangeboden worden voordat ze gevaarlijk worden," seit Canoy. Neffens him komme der hieltyd mear minsken mei justysje yn oanrekking troch de besunigingen op de sûnenssoarch. "Met het onthouden van zorg als gevolg van bezuinigingen vergroot je het risico dat mensen ernstige strafbare feiten plegen."

Neffens Canoy komt it faker foar dat fertochten gjin tbs wolle, mar dat betsjut lang net altyd dat se ek gjin tbs krije, seit Canoy. "Heel vaak wordt tbs opgelegd bij weigerachtige verdachten. De rechter kan zich laten informeren via eerdere rapportages of zelfs door familieleden. Een weigering leidt slechts bij een relatief kleine groep tot het niet opleggen van een tbs-maatregel."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)