Blommen om de ferbining te hâlden

13 okt 2017 - 17:41

De bermen by de diken fan de gemeente Littenseradiel komme takom jier fol te stean mei blommen. Op it stuit wurdt der sa'n santich meter oan berm ynsiedde troch de skoallebern fan de gemeente. It wie in boargerinisjatyf en it doel fan it lint is de ferbining behâlde tusken de ferskate parten fan de gemeente, om't dy takom jier opgiet yn ferskate oare gemeenten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)