FIDEO: It dreamteam fan de skûtsjewrâld yn 1995

13 okt 2017 - 17:35

Douwe Visser begjint as swurdeman op it skûtsje De Sneker Pan. En dat wylst hy eins fan is fan de Súdwesthoeke. Mear as 40 jier sit Visser op it Snitser skûtsje, wêrfan de lêste 30 jier as skipper. Yn 1995 wurdt hy foar it earst kampioen, mei in wier dreamteam, sa't de bemanning sels seit.

​Douwe Visser wie freedtejûn te gast yn Fryslân Hjoed mei syn soan, en opfolger oan it helmhout, Jappie Visser. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering.
 

(advertinsje)
(advertinsje)