Fertochte stekpartij Ljouwert langer fêst

13 okt 2017 - 16:11

De Ljouwerter dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de dea fan in man, tiisdei yn Ljouwert, bliuwt twa wiken langer fêstsitten. Wat er krekt te krijen hat mei it misdriuw, is noch net dúdlik.

It slachtoffer waard tiisdeitejûn let swierferwûne fûn op it Jacobijnertsjerkhôf. Hy ferstoar koart dêrnei. De fertochte waard woansdei oppakt.

(advertinsje)
(advertinsje)