Arends yn de finale fan it challengertoernoai yn Italië

13 okt 2017 - 16:09
Sander Arends - Foto: Omrop Fryslân

Tennisser Sander Arends út Ljouwert hat freedtemiddei de finale berikt fan it challengertoernoai yn it Italiaanske Ortisei. Tegearre mei syn dûbelmaat, de Kroaat Antonio Sancic, wie hy mei 5-7, 6-4 en 10-3 te sterk foar it koppel Satschko/Weissborn. Arends en Sancic binne as earste pleatst yn Ortisei. Tsjinstanners yn de finale binne Jeremy Jahn út Dútslân en Edan Leshem út Israel. Sy wûnen mei 7-6, 5-7 en 13-11 fan de Britten O'Mara en Clayton.

Troch it berikken fan de finale is Arends al wis fan 48 punten foar de wrâldranglist. Dêrmei komt hy út op it 123e plak op dy list. Winst fan it toernoai smyt 80 punten op, wêrmei't de Ljouwerter op it 118e plak útkomme soe.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(Advertinsje)
(Advertinsje)