Kommende wike oefeningen by Ljouwerter fleanbasis

13 okt 2017 - 19:00
F16's fan Ljouwerter basis oefenje op Schiphol - Foto: Omop Fryslân

De Keninklike Loftmacht oefenet de kommende wike by de fleanbasis yn Ljouwert, wêrby't de tastellen leech oerkomme kinne. By de oefening leit de klam op it stypjen fan militêren op de grûn. De piloaten krije fia de radio te hearren wêr't de doelen binne, dy't se oanfalle moatte.

Neffens Definsje is it needsaaklik dat dizze situaasjes oefene wurde, sadat militêren der klear foar binne as se der yn it echt ek foar komme te stean. It binne dizze wike benammen jonge fleaners dy't oan it oefenjen binne. De tastellen gean in kear as fjouwer deis de loft yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)