"Hegere btw op iten en drinken? Dat is achterlik!"

"Dat it nije kabinet de btw op earste libbensbehoeften omheech docht, dat is achterlik fansels." It wie op de Ljouwerter freedsmerk ien fan de reaksjes op it regearakkoart dat fan 'e wike presintearre waard. "Een beetje geven, een beetje nemen; een beetje linksom, een beetje rechtsom, maar uiteindelijk komen we weer op het zelfde uit, denk ik", sei wer in oar.
Mear útsprutsen reaksjes wiene der ek: "Nederlân tilt op fan de miljonêrs, mar de gewoane man wurdt wer pakt!" De poelier wiisde op it effekt fan de btw-ferheging: dy berekkenje ik net troch op myn kipfilets, dy komt foar myn rekken." En dan wie der noch immen dy't thús in kabinet hat fan mear as hûndert jier âld, "en dêr ha ik eins it measte fertrouwen yn".