Kringloopwinkel ûntromme fanwege gaslucht

13 okt 2017 - 11:49

De kringloopwinkel yn Frjentsjer is freed oan de ein fan de moarn ûntromme om't meiwurkers in gaslucht rûkten. De brânwacht is it pân yngien om mjittingen te dwaan. De winkel is yntusken wer iepen. It die bliken dat der in campinggasfleske iependraaid wie.
 

(advertinsje)