Wettertoer Lippenhuzen ek yn de ferkeap

13 okt 2017 - 10:06

Nei de wettertoer fan Frjentsjer, set Vitens ek dy fan Lippenhuzen yn de ferkeap. It ryksmonumint waard yn 1932 boud en is 44 meter heech. De wettertoer stiet al op de fêstgoedside fan it wetterliedingbedriuw, mar komt pas yn de rin fan 2018 echt yn de ferkeap. "Dat heeft te maken met dat het een langdurig en gedegen proces is, waarbij de gemeente betrokken is en waarbij we echt goed kijken naar de omgeving", seit Judith Zuijderhoudt fan Vitens. "We geven hem zeker niet zomaar weg."

Datselde jildt trouwens foar de wettertoer fan Frjentsjer. Yn it monumintale gebou kin hoareka, in winkel of in wenning komme. Minsken kinne mei ideeën komme foar in nije bestimming fan de toer. Vitens oerleit dan mei de gemeente hokker plan it bêste is. Neffens Zuijderhoudt is in goed plan wichtiger as in grutte pûde mei jild. De wettertoer fan Frjentsjer waard boud yn 1925 en is 48 meter heech.

(advertinsje)
(advertinsje)