Needklok oer oanpak bestriding skea troch guozzen

© Timo Jepkema
It Nederlânsk Melkfeehâlders Fakbûn, (NMV) liedt de needklok oer de oanpak fan de skeabestriding fan it lân fan boeren en it faunabehear. It NMV pleitet op in spesjale gearkomste oer faunaskea foar bettere skeabestriding, ôfskot fan guozzen en better populaasjebehear. "Wy sjogge wolken guozzen dy't skea feroarsake. Dat moat gewoan oars," sa seit Peter van Kempen, adviseur Faunabehear NMV Fryslân.
Neffens it NMV oerwinterje jierliks twa miljoen winterguozzen yn ús lân. Dy soargje foar 96 miljoen euro skea troch ûnder oare it kealfretten fan lân. 22 miljoen dêrfan wurdt neffens it NMV fergoede, 74 miljoen euro moat troch de boeren sels betelle wurde. "As wy op dizze wei trochgean sille boeren finansjeel der ûndertroch gean oan it belied fan de provinsje. Der moat wat feroarje en dêr ha wy jûn ynsjoch yn jûn", fynt foarsitter fan it NMV Harm Wiegersma.
By de gearkomste op 'e Jouwer wienen alle 27 WBE's yn Fryslân útnûge. Dat binne wyldbehearienheden. Us lân hat sa'n 300 WBE's. Dêryn sitte jagers, boeren, frijwilligers en natoerbehearders.