Aris wint nei spannende slotfaze fan Den Helder

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Ljouwert ha tongersdeitejûn de útwedstriid mei 78-74 wûn fan Den Helder. Yn it lêst wie it tige spannend. Mei noch 14 sekonden op de klok stie Aris trije punten foar. It wie 74-77. De Ljouwerters koene de foarsprong oant it einsinjaal fêsthâlde.
Nei it tredde kwart wie de foarsprong in stik grutter. Dy waard ôfsletten nei 50-61. It is de twadde kompetysjewedstriid dy't wûn wurdt. Sneon komt Zwolle op besite yn Ljouwert.