Omrop TIP: Oerlibbingskeunst

14 okt 2017 - 07:56

In keunstwurk yn de iepenbiere romte. Moai of net, it stiet der faak al jierren. Yn de dokumintêre ‘Oerlibbingskeunst’ wurdt de omgong mei keunst yn iepenbiere romte beljochte. Fan wa is no eins dizze bûtenkeunst? En hoe stiet it mei it behâld en it behear derfan?

In bysûnder foarbyld fan monumintale keunst is Jaap van der Meij. Hy wie in grut keunstner yn de jierren 60 en 70. Van der Meij makke in protte bylden yn opdracht fan bedriuwen en it Ryk. Hy makke ûnder oare ‘De Starter’ dy’t yn de wyk Nijlân yn Ljouwert stiet. Hoe sjogge omwenners nei it keunstwurk? Falt it byld noch wol op en wolle sy it graach behâlde?

De Fryslân DOK dokumintêre ‘Oerlibbingskeunt’ is op snein fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. Op NPO 2 wurdt de dokumintêre ek útstjoerd. Sneon om 15.30 oere, en snein om 13.00 oere.

(advertinsje)