FIDEO: Mei in drone oer de rotonde by De Jouwer
Dizze wike komt der ein oan in ikoanysk stik Fryslân: de rotonde fan De Jouwer. Der wurdt op it stuit wurke oan in fly-over. Freed ride de lêste auto's oer wat no noch de rotonde is. Mei in drone binne der bylden makke fan hoe't de situaasje der no by leit.