Drachtsters squashers ferlieze by debút op heechtste nivo

Thijs Roukens © Maurice Hamming
De hearen fan squashteam CS Drachten/Fronconsur hawwe by harren debút op it heechste nivo ferlern fan Victoria Rotterdam, de mearfâldich Nederlânsk lânskampioen. It earste duel yn Rotterdam waard noch wûn troch de Drachtsters troch in 3-0 oerwinning fan it 18-jierrige talint Thijs Roukens fan De Pein. Mahesh Mangaonkar en Roeë Avraham ferlearen dêrnei harren duel mei 3-1 en 3-0, sadat Rotterdam úteinlik mei 6-4 wûn. Oer twa wiken spilet Drachten thús tsjin Meersquash Hoofddorp.