Huzekeapers kinne hieltyd dreger in hûs fine

12 okt 2017 - 11:02

Huzekeapers hawwe te krijen mei in krappe merk. It oantal huzen dat te keap stiet yn Fryslân is it ôfrûne jier mei in tredde part weromrûn. Ien fan de redenen is dat mear minsken wer yn de gelegenheid binne om in hûs te keapjen. It oanbod kin de fraach net byhâlde. Fryslân folget dêrmei de lanlike trend, mar sa oerspannen as de huzemerk yn de Rânestêd is, is it hjir noch net.

Neffens makelersferiening NVM sit de groei fan de huzeferkeap it meast yn it midden en it súdwesten fan Fryslân. Yn it noardeasten fan de provinsje rûn de huzeferkeap krekt werom, fergelike mei ferline jier. De gemiddelde priis foar in hûs dat te keap stiet is goed 250.000 euro.

Trefwurden: 
huzemerk makeler
(Advertinsje)
(Advertinsje)