Man foar tredde kear betrape op riden sûnder rydbewiis

Rydbewiis © ANP XTRA
In 23-jierrige Ljouwerter moast woansdeitemiddei syn auto ynleverje by de plysje. Op de Anne Vondelingwei waard er betrape op it riden sûnder rydbewiis. Dat wie de tredde kear en dêrom krige de bestjoerder proses-ferbaal. Syn auto is er dus kwyt, mar tsjin de plysje sei er dat er gewoan trochriden bliuwe soe.
Jûns joech de plysje yn Ljouwert in fikse boete oan in 17-jierrige jonge út de stêd. Op de Wurdumerdyk waard er oan de kant setten. De jonge siet sûnder rydbewiis op syn bromfyts. Hy hie gjin helm op en de bromfyts wie net fersekere.