Dronken Ljouwerter oanhâlden foar wangedrach yn bus

12 okt 2017 - 09:49
Drank - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat woansdei yn Jirnsum in 46-jierrige man út Ljouwert oanhâlden. De man wie ferfelend yn de bus, wêrop't de sjauffeur de plysje warskôge. De Ljouwerter hie dronken. Hy hat proses-ferbaal krigen foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder.

Trefwurden: 
dronken bus oanhâlding
(Advertinsje)
(Advertinsje)