"Rekreaasje en toerisme yn Noardwest-Fryslân kin better"

Yn Winsum is tongersdeitejûn in sympoasium oer rekreaasje en toerisme yn Noardwest-Fryslân. Mei toeristyske toppers as Harns en Ljouwert hat de streek miskien net te kleien oer belangstelling fan gasten, mar de ûndernimmers yn de regio fine dat it altyd better kin. Ek wolle se mear oandacht fan de provinsje. Neffens harren giet dy no benammen nei it Fryske marregebiet en de Waadeilannen.
Regiomarketeer Douwe Gerlof Heeringa tinkt dat it der mei te krijen hat, dat de ferskate politike partijen net dúdlik binne oer hoe't se de takomst fan rekreaasje en toerisme yn Noardwest-Fryslân sjogge. "As dat no wat skerper wurdt en as se elkoar helpe mei it helder krije fan wêr't it oer giet, soe dat in moaie útkomst wêze."
Op it sympoasium is der ûnder oare in listlûkersdebat mei Hilde Tjeerdema (D66 Ljouwert), Durk Stoker (FNP Súdwest-Fryslân), Hendrik Terpstra (VVD Waadhoeke), Lutz Jacobi (PvdA Ljouwert), Evert Stellingwerf (PAL/GrienLinks Ljouwert), Peter Walinga (Gemeentebelangen Súdwest-Fryslân) en Caroline de Pee (CDA Waadhoeke).