Kollum: "Knuffels"
"Dizze wike wie ik yn in winkeltsje, net sa fier fan myn hûs yn Amsterdam ôf. ‘Knuffels’, stiet op de ramen, en alles yn de etalaazje beweecht, wibelet, draait en jout ljocht. In wûnderlik saakje, mar noch wûnderliker is wêr’t de winkel sels yn sit. It wie in âlde yngong fan de metro.
Fan bûten seachst dat allinnich ast op de grûn it soarte tegels werkenst; dat binne deselde dy’t ek yn de oare metroyngongen brûkt wurde. Yn de winkel sels falt de gigantyske roltrep op, dy’t hielendal net by sa’n lyts winkeltsje past. En op de trep dêrneist steane wite puntsjes, sa’t we dy kenne fan treppen fan stasjons. Kinst dus ek nei ûnderen.
De winkelman blykt in kleurryk figuer te wêzen, dy’t al it knutselwurk oan syn knuffels en mobilen sels docht. It stiet fol mei tierelantijntsjes en hannelsguod. Under oan de trep kinst nei rjochts, en dêr is in grutte glêzen draaidoar. Dy sit op slot, mar efter de doar is metrostasjon Nieuwmarkt. De winkelman liet my syn magazyn sjen, ek ûnder de grûn, grutte sealen fol mei syn guod. Mar ea makke foar hiel wat oars.
It is dizze wike fjirtich jier lyn dat de Amsterdamske metro, de Oostlijn, iepengie. Dat wie dus 1977, en dat wie midden yn de Koude Oorlog. Ien fan de romten dy’t de winkelman my sjen liet, wie ôfsletten mei in swiere stielen doar: it wie dêrûnder ek in skûlkelder. Yn it gefal dat in atoomoarloch útbrekke soe, dan koene dêr in pear hûndert minsken sitte.
Alle metrostasjons fan Amsterdam wiene dêr op makke. De plafonds fan de stasjons binne fan oardel meter beton. In oerheidstsjinst soe brieven stjoere nei de boargers, mei de ynformaasje nei hokker skûlkelder se gean koene. Wylst ik ûnder stie, probearre ik my dat even foar te stellen… stel dat it op dat momint barde; dan wie ik dus net yn ‘e buert fan de skûlkelder dêr’t ik oan tawiisd wie. Soene se my hjir dan út sette? En hoe hâldst dy hordes mei toeristen dan tsjin, dy’t ek in plakje ha wolle? Wat foar tafrielen leveret dat op?
En hoe lang moatst dan ûnder de grûn bliuwe? Wat trefst oan ast wer boppe komst? Der is miskien mear oer neitocht dan we no, fjirtich jier letter, noch witte, mar neffens my wurdt dit in púnheap.
Der binne no folle minder atoomwapens as doedestiids. Amearika en de Sovjet-Uny hiene doe elk sa’n 25.000 atoomwapens. No noch mar 7.000 elk. Noch hieltyd genôch om ús hiele bestean ûnmooglik te meitsjen trouwens. Mar yn dy fjirtich jier is de needsaak foar skûlkelders blykber ferdwûn. Ik kom der sels net hielendal út oft we echt tinke se net nedich te hawwen, of dat we ús realisearje dat it dochs net wurket.
We waarden dizze wike ek oan kernellinde herinnere om’t yn Súd-Nederlân swangere froulju en minderjierrigen joadiumpillen krigen, wannear’t se tichter as 100 kilometer by de kearnsintrale fan it Belgyske Doel wenje. Se binne net sa sear bang dat der wat misgiet yn de sintrale, as wol dat de sintrale doelwit wêze kin fan terrorisme.
As de bom falt, of as der wat misgiet yn Doel, dan brekt fansels gewoan de pleuris út. Unkontrolearbere pleuris. In pear jier lyn hie in wyk yn Grins in dei gjin wetter: binnen in oere wie al it mineraalwetter yn elke winkel dêr skjin útferkocht. Ek mei bubbels. Minsken rûnen mei karrefrachten tagelyk de winkels út. De oar koe der yn stikke.
In pear piltsjes. En de oardel meter betonnen histoarje hjir yn Amsterdam. Binne it net beide maatskiplike plasebo’s? Ik leau dat ik my dêr ûnder de grûn mar wer ris realisearre dat we kwetsber binne, as knuffels."