Ynwenners Koatstertille wolle gjin biofergister

11 okt 2017 - 21:32

De ynwenners fan Koatstertille binne yn mearderheid tsjin de komst fan in biofergister nei it bedriuweterrein yn it doarp. Woansdeitejûn waarden goed 1.200 hantekenings oanbean oan de gemeenteried fan Achtkarspelen. Grutste beswier tsjin de komst fan de fergister is dat de ynwenners benaud binne foar stankoerlêst. Dêrneist binne der grutte fraachtekens by de oanfier fan dong. Dat soe mooglik foar in soad ekstra ferkear soargje.

De riedseal fan Achtkarspelen siet woansdei hielendal fol foar de ynformaasjegearkomste oer de dongfergister. Ferskate saakkundigen kamen oan it wurd om ta te ljochtsjen wat de foar- en neidielen fan de dongfergister binne. In tal ynwenners fan Koatstertille siet yn wite pakken en mei gasmaskers op yn de seal as protest tsjin de dongfergister.

(Advertinsje)
(Advertinsje)