Hoveniersbedriuw Donkergroen fan Snits groeit en bloeit

11 okt 2017 - 20:59

It giet goed mei hoveniersbedriuw Donkergroen fan Snits. It famyljebedriuw, mei sa'n 750 meiwurkers, is dit jier dwaande mei in flinke groei en wol dat ek takom jier trochsette. Begjin oktober naam it hoveniersbedriuw al IJsselgroen yn Zwolle oer, en folgjend jier stiet in grutte útwreiding op it programma. Donkergroen hat op it stuit al fjirtjin lokaasjes troch hiel Nederlân, en ek yn België is it bedriuw aktyf. Foar 2018 stiet benammen de fersterking fan de lokaasjes yn Assen, Utrecht, Eindhoven en Almere op it programma.

Donkergroen is sûnt 1984 aktyf en rjochtet him op it grienûnderhâld by bedriuwen en partikulieren. Anja Kanters, algemien direkteur fan it Snitser bedriuw, is wiis mei de groei en de resinte oername fan it bedriuw yn Zwolle. ''Het was onze wens om in 2018 een vestiging in Zwolle te starten. Met deze overname is hier een versnelling in gekomen.''

Trefwurden: 
Donkergroen Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)