PvdD hat noed oer kontrôle op Fryske feehâlderijen

© Jitske van der Gaast
De steatefraksje fan de Partij voor de Dieren makket him soargen oer de kontrôle op Fryske feehâlderijen. De fraksje hat dêrom skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. De Partij voor de Dieren wol witte hoe faak feehâlderijen yn Fryslân in kontrôle krije en hoefolle oertrêdingen der fêststeld wurde.
Oanlieding foar de fragen wie in ûndersyk yn Brabân, wêrút bliken die dat ferskate bedriuwen yn trettjin jier nea in kontrôle hân hiene. Feehâlderijen dy't dêr yn oertrêding wiene, soene bygelyks in te hege útstjit fan ammoniak hawwe of tefolle bisten yn de stâlen hawwe.