Sjauffeur: "Nea tocht dat aksjes sa gau resultaat ha soene"

11 okt 2017 - 18:20

De staking fan de taksysjauffeurs woansdei yn Heteren hat fertuten dien; de sjauffeurs krije der trije persint lean by. Foar it earst yn 25 jier staakten de sjauffeurs, ynset wie in better salaris. De fakbûnen berikten woansdeitemiddei al gau in akkoart mei de wurkjouwersferiening. Goed hûndert taksysjauffeurs út hiel Nederlân leine it wurk del en fierden op ludike wize aksje yn Heteren. Op dat plak holden de wurkjouwers in gearkomste oer de fêstrûne cao-ûnderhannelingen.

Under de aksjefierende taksysjauffeurs yn Heteren wie Anouska Veenstra. Sy rydt sels op de taksy en is lid fan de kadergroep noard fan fakbûn FNV. ''Wy sieten yn de bus werom en tochten: 'dit kin noch wolris in skoft duorje foardat der dúdlikheid komt.' Mar doe krigen wy in telefoantsje mei it nijs dat se akkoart wiene mei de leansferheging. Doe waard it stil yn de bus. Wy hiene nea tocht dat ús aksjes sa gau al resultaat hawwe soene.''

Trefwurden: 
taksy akkoart
(Advertinsje)
(Advertinsje)