Nije konservator foar Museum Hindeloopen

11 okt 2017 - 17:29

Museum Hindeloopen hat in nije konservator, Maurice A. Wery út Apeldoorn. Hy begjint 1 jannewaris 2018 en follet dêrmei de fakatuere op dy't ûntstien wie nei it fuortgean fan Carolien Hack. Se wie jierren konservator yn Hylpen.

Wery studearre keunstskiednis oan de Radboud Universiteit yn Nijmegen. Hy is no konservator by Museum Prinsenhof yn Delft. Earder wurke er yn Museum Gouda, by de Stichting Huizinghe De Loet yn ’s-Hertogenbosch en wie er dosint oan de Vrije Academie yn Amsterdam. Hy sil in belangrike lûker wurde fan de fernijingsplannen fan Museum Hindeloopen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)