Friezen ha soargen oer sûnenssoarch yn 2030

11 okt 2017 - 16:36
Foto: Omrop Fryslân

In mearderheid fan de Friezen makket him soargen oer de sûnenssoarch yn 2030, foaral as it giet om de betelberens. Dat docht bliken út ûndersyk fan it ûndersyksburo Ipsos yn opdracht fan Seker en Sûn. In protte minsken meitsje har der ek soargen oer dat yn de takomst net mear alle minsken de soarch krije kinne dy't nedich is.

Seker en Sûn is in gearwurkingsprojekt wêrby't ûnder oaren ynwenners, soarchoanbieders, ûnderwiis en oerheden mei-elkoar beprate hoe't de soarch der yn 2030 útsjen moat. In soad dielnimmers oan it ûndersyk ferwachtsje dat der yn de takomst faker in berop dien wurdt op mantelsoargers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)