Alve misdriuwen yn koarte tiid yn Fryslân: in oersjoch

11 okt 2017 - 17:50

De moard fan tiisdeitejûn yn Ljouwert is it alfde swiere misdriuw yn koarte tiid yn Fryslân. Yn noch gjin healjier tiid kamen troch geweld njoggen minsken om it libben en nochris seis minsken rekken ferwûne of swierferwûne. 

Deade en swierferwûne by famyljedrama yn Ljouwert

It tal swiere geweldsynsidinten begûn heal juny mei in famyljedrama yn de Ljouwerter wyk Aldlân. In 31-jierrige soan stuts syn heit en mem del. De frou kaam om it libben, de heit rekke swierferwûne. 

Plysje begûn oan grut spoare-ûndersyk De Westereen

Begjin july waard de 37-jierrige Tjeerd van Seggeren dea fûn yn De Westereen. Der is blauwe auto belutsen by syn dea, mar mear is noch net dúdlik. 

Ferwûne by stekpartij yn Ljouwert

Dyselde nacht waard in Ljouwerter delstutsen troch twa manlju. Hy rekke ferwûne. 

Slachtoffer ferstoarn by stekpartij Berltsum

Begjin augustus waard by Pensjon Welgelegen yn Berltsum in man fan 43 jier deastutsen. In oare man rekke swierferwûne.

Deade by stekpartij It Hearrenfean

Tsien dagen letter waard wer in man delstutsen. In betize man kaam in wenning op It Hearrenfean binnen en stuts de 60-jierrige bewenner dea. De soan fan 29 rekke ferwûne. 

Deade by sjitpartij yn wenning Easterwâlde

Ein augustus folge in deadlike sjitpartij yn Easterwâlde. Dêrby waard in man fan 51 yn syn eigen hûs deasketten. 

Deade frou fûn yn wenning yn Frjentsjer

Healwei septimber wie der in famyljedrama yn Frjentsjer. In man fermoarde mei in mes syn frou en die dêrnei himsels tekoart. 

Man (68) ferwûne by sjitynsidint Damwâld

Trije dagen letter waard yn Damwâld in man fan 68 delsketten. Hy rekke dêrby ferwûne. 

Deade man en frou fûn yn wenning Ketlik, misdriuw yn it spul

Ein septimber wie it drama yn de Moskoupleats yn Ketlik. Jos Verdonk en Margreet Andriol waarden deastutsen. De iennige fertochte is harren soan.

Plysje siket fertochten fan sjitpartij yn Dronryp

Begjin oktober waard yn Dronryp by in likwidaasje in man meardere kearen besketten. Hy rekke swierferwûne, de flechtauto waard yn 'e brân stutsen. 

Man (35) yn Ljouwert troch misdriuw om it libben brocht

De man dy't tiisdeitejûn let yn Ljouwert om it libben kaam, is it alfde swiere geweldsynsidint. 

Trefwurden: 
misdriuw moard swier ferwûne
(Advertinsje)
(Advertinsje)