Undersyk nei fersmoarging by keunstgersfjilden

© Henk Bootsma
Nei fersmoarging fan it oerflaktewetter by keunstgersfjilden yn it Noarden komt in ûndersyk. De gearwurkjende wetterskippen fan Fryslân, Grinslân en Drinte wolle sa dúdlik krije wat der oan skealike stoffen frijkomt nei in reinbui. Yn de fjilden sit rubbergranulaat ferwurke. Dat is makke fan âlde autobannen en dêr sitte kankerferwekkende stoffen yn. It giet om in saneamd "verkennend" ûndersyk. Sa wolle de wetterskippen dúdlik krije oft it granulaat effekt hat op de wetterkwaliteit. Oant no ta hat bliken dien dat dat net it gefal is. Om't der de lêste tiid in soad ûnrêst ûntstien is, is besletten dit no ris goed yn kaart te bringen.
Risiko
De keunstgersfjilden lizze de lêste tiid ûnder in fergrutglês. Ut ûndersyk fan it telefyzjeprogramma Zembla yn 2016 die bliken dat der kwealik ûndersyk dien is nei de sûnensrisiko's fan it brûken fan it rubbergranulaat. It advys kaam sels om bern net mear spylje te litten op keunstgersfjilden. It RIVM, it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu, hat nei oanlieding dêrfan in yngreven ûndersyk dien nei de risiko's. Dêr kaam út dat it spyljen op de fjilden feilich is, mar dat der al strangere noarmen komme.
Ut in ferfolchútstjoering fan Zembla in oantal moannen letter die bliken dat it skealike effekt fan de kerrels grutter is as tocht. Op de Vrije Universiteit wurdt in test dien mei sebrafiskjes. Embryo's fan de fiskjes oerlibje net yn wetter dat yn kontakt stien hat mei de kerrels. Foar de noardlike wetterskippen wie dat de oanlieding om in eigen ûndersyk op te setten. Dat moat de kommende wiken wêze by fjilden yn Grinslân.
Fersmoarge grûn
It programma Zembla hat woansdeitejûn op 'e nij omtinken foar de miljeurisiko's by keunstgersfjilden. Yn de útstjoering stelt it RIVM dat der in ûndersykstratezjy komme moat foar wetter- en boaiemmeunsters rûnom de sportfjilden. Yn rapporten yn hannen fan de redaksje fan Zembla stiet dat de boaiem ûnder guon sportfjilden swier fersmoarge is. Gemeenten moatte dan ek rekken hâlde mei hege kosten foar it skjin meitsjen fan de grûn.