Update: Petysje foar sluting REC goed 1.500 kear tekene

11 okt 2017 - 16:07

De petytsje foar sluting fan de ôffaloven yn Harns is mei-elkoar goed 1500 kear (1578) ûndertekene. Nije wike woansdei wurde de hantekens oanbean yn de kommisjegearkomste fan de gemeente Harns. It inisjatyf foar de petysje waard naam, doe't der koartlyn polysyklyske aromatyske koalwetterstoffen (koartwei pak's) fûn waarden yn de Harnzer yndustryhaven. De inisjatyfnimmers binne benaud dat de pak's skealik binne foar de sûnens en fine dat no earst in goed ûndersyk dien wurde moat. Salang't dat ûndersyk net klear is, soe de ôffaloven yn Harns ticht moatte.

Ut gegevens fan Omrin docht bliken dat der gjin pak's fûn binne yn de reek fan de ôffaloven. Om út te sluten dat dy pak's út de REC komme, waard in ûndersyk útfierd. Dêrút docht bliken dat der pak's mjitten binne yn de Harnzer yndustryhaven, mar dy komme net út de REC. It is noch ûndúdlik wêr't se wol weikomme. 

Trefwurden: 
REC Harns ôffaloven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)