Nij kuierpaad by alve Fryske stêden del

11 okt 2017 - 15:41

Yn Ljouwert is woansdei it Alvestêdepaad iepene. It giet om in kuierrûte fan 283 kilometer lang. De rûte giet fansels lâns de Fryske alve stêden, mar ek troch de Noardlike Fryske Wâlden. De inisjatyfnimmers ha it paad sa makke dat je op plakken komme der't je as fytser of reedrider net lâns komme. It moat dan ek in folslein oare belibbing jaan fan de natoer en de kultuer yn it lânskip.

It kuierpaad is opdield yn 46 etappes. Dy binne allegear goed berikber mei it iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
kuierpaad âlve stêden
(Advertinsje)
(Advertinsje)