Legiomuseum hat metershege Brandaris neiboud

11 okt 2017 - 15:05

Yn it Legiomuseum yn Grootegast is fan nije wike sneon ôf de Brandaris fan Skylge te sjen, hielendal neiboud fan Lego. It skaalmodel is mear as in meter heech. Fan de offisjele ûntbleating wurdt in hiel feest makke, mei de nautysk adviseur en âld-meiwurker fan de Brandaris, Remi Hoeve, fan Rykswettersteat.

De gemeente Skylge en Rykswettersteat binne sponsors fan de Legobrandaris. Yn it Legiomuseum yn Grootegast binne al mear Fryske gebouwen te finen, sa as it Planetarium fan Frjentsjer, De Waag yn Ljouwert en in Fryske kop-hals-rompbuorkerij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)