Hoe fielt it om âld te wêzen? MCL hat simulaasjepak

11 okt 2017 - 14:53

Meiwurkers en besikers fan sikehûs MCL yn Ljouwert kinne woansdei ûnderfine hoe't it is om âld te wêzen. Se kinne yn in saneamd âlderdomssimulaasjepak in parkoers ôflizze. It MCL is ien fan 63 sikehûzen yn Nederlân dy't it keurmerk 'Seniorvriendelijk' krigen hat. Dit keurmerk is foar organisaasjes dy't optimaal ynrjochte binne op senioaren. Ien fan de easken is dat it sikehûs de âldere pasjint goed belûkt by it behannelbelied. Ek is der op de spoedeaskjende help ekstra omtinken foar âlderen.

Yn it MCL wurdt dizze wike de nije earste help iepene. Spesjale keamers binne hjir ynrjochte dy't soargje foar minder prikkels en mear rêst om foar te kommen dat de faak kwetsbere âlderen betize reitsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)