Tegels Ljouwerter Nijstêd binne stroef makke

Ljouwerters hoege net benaud mear te wêzen om út te glydzjen yn de binnenstêd. Alle stiennen op de Nijstêd ha in antysliplaach krigen. In spesjale coating oer de stiennen hinne soarget derfoar dat se stroef wurde mei wiet waar. De lêste jierren barde it hieltyd faker dat minsken ûnderút gongen op de natuerstiennen, mar dat is no dus praktysk ûnmooglik wurden. Hast tweintich jier lyn binne de stiennen der kaam.