Coming Out Day: Djayden is no in jonge en Esther is lesbysk

11 okt 2017 - 14:40

Op Coming Out Day, de dei dy't alle jierren op 11 oktober is, is omtinken foar it momint dat in homo, lesbienne, biseksueel of transgender (LHBT) iepentlik foar syn of har seksuele foarkar útkomt. It út de kast kommen, of coming-out.  Ek stiet op dizze dei sintraal dat elkenien him- of harsels wêze kin en him of har akseptearre en sosjaal feillich fiele moat. 

"Eigenlijk ben ik een jongen"

Djayden (22 jier) út Ljouwert is berne as famke, mar hat him noait echt in famke field. Sûnt begjin 2017 giet hy dêrom as jonge troch it libben. Hy is in saneamde transgender. Op it stuit sit Djayden oan de testosteron, dat soarget derfoar dat hy der hieltyd mear as jonge út komt te sjen. "Ik keek in de spiegel en wat ik zag en wat ik voelde, klopte niet. Eigenlijk ben ik een jongen. Als mensen mijn oude naam zeiden of zij tegen me zeiden, vond ik dat heel vervelend."

"Ik heb altijd toneel gespeeld"

Djayden is berne as Delila, se wie in stoer famke, mei broeken oan en se hie koart hier. Se waard bot narre. "Toen ben ik me maar gaan kleden zoals een meisje dat hoort te doen, maar ik heb altijd toneel gespeeld." Troch it slikken fan hormoanen feroaret Djayden stadichoan yn in jonge. "Ik krijg meer lichaamsbeharing op armen en benen en mijn stem wordt lager. Het is net alsof ik in de pubertijd kom. En ja, net als andere jongens denk ik ook meer aan seks." Hy hat noch wol boarsten, dy operaasje moat er noch krije. Oant dy tiid draacht er in hiel strak himd. "Dat drukt ze helemaal plat." Hy hat noch gjin pimel, mar dy operaasje doart er noch net oan, miskien letter. Hy fielt him hiel goed. "Ik ben veel zelfverzekerder, voel me erg goed en doe wat ik leuk vind." Oer syn proses makket er vlogs.

"Ik kaam út in lyts Frysk doarpke"

Esther Deinum út Ljouwert kaam op 19-jierrige leeftiid út de kast. Se is no 40 jier. "Ik ha lang twifele om it oan minsken te fertellen. Ik kaam út in lyts doarpke yn Fryslân en ik koe mar twa froulju dy't lesbysk wienen. Yn dy tiid hiest ek allinne mar boeken, gjin ynternet, om ynformaasje te finen. Minsken freegje doarde ik net goed. Ik fielde altyd al wol mear foar famkes as foar jonges. Ik hie ek wol ferkearing, mar dêr fielde ik neat by. Myn freondinne hie ferkearing en doe't dy jonge it útmakke, wie ik hiel lilk. Hoe koe hy it no útmeitsje mei sa'n leuk famke, want ik fûn har wol leuk." Doe't Esther nei Ljouwert gie om te studearjen kaam se út de kast. "Ik die frijwilligerswurk by it COC, dat doch ik no noch, en der wie in diskoteek dêr't it in feilige omjouwing wie. Ik krige in freondinne en doe ha ik it myn heit en mem ferteld." Dy wienen earst wol wat fertrietlik. "Eins moatte sy ek in coming out troch, want famylje en kunde freegje hoe't it mei har dochter is en dan moatte se dus fertelle dat dy in freondinne hat. We moasten der allebei even oan wenne."

Foarljochting is hiel belangryk

Ester fielt har wol feilich, mar is de lêste jierren wol foarsichtiger op strjitte. "Der is mear agresje. Ik bin ek wolris yn elkoar slein, mar witst noait oft dat is om't ik lesbysk bin. Minsken roppe wolris wat, dêr gean ik mar net op yn." Foarljochting is hiel belangryk fynt Esther. Se jout sels ek ynformaasje op skoallen. "Der binne noch hieltyd minsken dy't der oars oer tinke, dus foarljochting bliuwt belangryk. As in learling mei sokke gefoelens omrint, is it belangryk dat se ien yn fertrouwen nimme kinne, in dosint bygelyks, in freon of in âlder. Kinst ek nei it COC gean, mar wrakselje der net allinne mei om."

(advertinsje)