"Frysk folksliet heart by de Fryske kultuer"

Direkteur Alie Rienks fan de Dr. J. Botkeskoalle yn Damwâld fynt it in goed idee om it Fryske folksliet oan bern te learen yn it basisûnderwiis. Se fynt it Fryske folksliet by de Fryske kultuer hearren. Boppedat fynt se it somtiden net om oan te sjen hoe't guon sporters it folksliet meisjonge op telefyzje.
It nije kabinet fynt dat der mear omtinken komme moat foar it Wilhelmus yn it basisskoalle-ûnderwiis. Deputearre Sander De Rouwe sei nei oanlieding dêrfan dat hy it moai fine soe as der yn Fryslân mear omtinken komt foar it Fryske folksliet yn it basisûnderwiis.
It is ek praktysk
"It heart by de opfieding, doe't ik lang lyn skoalmaster wie, learde ik it de bern ek. It Fryske en Nederlânske folksliet," seit âld-heechlearaar Frysk, Philippus Breuker. "It is boppedat ek praktysk, want it wurdt geregeld songen bygelyks by sportwedstriden. Dêrom is it nedich datst de tekst kenst, oars stiest der mei de mûle fol tosken." Breuker fynt dat it Fries wêzen ûnder oare útdrukke kenne mei it folksliet. "It is ûnderdiel fan jo Fries wêzen."