Mata Hari yn it Fries Museum: wat is der allegear te sjen?

11 okt 2017 - 14:12

Yn it Fries Museum binne de tariedings foar de iepening fan de Mata Hari tentoanstelling yn folle gong. Sjoernalisten mochten woansdei al efkes om it hoekje sjen. It is de grutte fraach oft it museum der yn slagge is om by alles wat al oer Mata Hari bekend is, dochs noch wat nijs foar it fuotljocht te bringen. Mata Hari makke as eksoatyske dûnseres furoare yn Parys yn it begjin fan de 20ste iuw. Yn de Earste Wrâldoarloch waard se beskuldige fan spionaazje foar de Dútsers. Yn Parys einige har libben foar it fjoerpeloton. Dat wie yn 1917.

Margaretha as famke en mem

Krekt hûndert jier letter begjint no de tentoanstelling 'Mata Hari, de mythe en het meisje'. Want as it famke Margaretha Zelle begûn har ferhaal yn Ljouwert. It Fries Museum besiket yn de tentoanstelling net allinnich har ferhaal as dûnseres en spionne te fertellen, mar benammen ek har persoanlike libben. Hoe wie Margaretha as famke en as mem? Yn de ôfrûne jier binne in protte persoanlike besittings nei boppen kaam op feilings en it Fries Museum hat der aardich wat fan op 'e kop tikke kinnen.

Persoanlike besittings

Yn totaal telt de tentoanstelling 150 foarwerpen dy't it ferhaal fan Mata Hari fertelle lykas persoanlike besittings, foto's, brieven en it militêre dossier út Parys. Ien fan de belangrykste fragen dy't noch altyd om Mata Hari hinne hinget is: se wie ta de dea feroardiele foar spionaazje, mar wie se no écht in spionne? De tentoanstelling yn it Fries Museum iepenet op 14 oktober en duorret oant 2 april 2018.

Drokte

De direksje fan it Fries Museum ferwachtet 90.000 minsken op de tentoanstelling. Dat kin bêst folle mear wurde neffens direkteur Kris Callens. Foar de útstalling oer Alma Tadema ferline jier wie de ferwachting 80.000 en dat waarden úteinlik twa kear safolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)