FrieslandCampina hâldt fêst oan gebrûk KringloopWijzer

11 okt 2017 - 11:10
Foto: ANP

Suvelkonsern FrieslandCampina hâldt fêst oan it ferplicht ynfoljen fan de saneamde KringloopWijzer. Yn dy wizer moatte boeren byhâlde wat der krekt oan stoffen sa as fosfaat en nitraat omgiet op harren bedriuw. De Grinslanner boer Henk Gommer út Zevenhuizen hie frege om foar him in útsûndering te meitsjen.

Hy wegere it ynfoljen omdat hy net te krijen hat mei in dongoerskot. It brûken fan de wizer is wat him oanbelanget oerstallich. Gommer liet sels molke fuortrinne yn de jarrekolk, om't FrieslandCampina de molke net mear ophelje woe. De suvelkoöperaasje bliuwt fêsthâlden oan de KringloopWijzer en hat dat de boer yntusken witte litten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)