Trije winkeldieven yn Ljouwert oppakt

De plysje hat tiisdei yn Ljouwert trije winkeldieven oanholden. In 27-jierrige frou út Ljouwert waard betrape yn de Van Loonstrjitte. Se hie iisko's en aaien meinaam sûnder te beteljen. Doe't se oanholden waard, liet se de tas falle, dêrtroch brutsen de aaien. Fia snelrjocht krige se in boete fan 100 euro.
In man fan 75 besocht in flesse drank mei te nimmen út in winkel oan it Cambuurplein. Hy krige in boete fan 200 euro. In man fan 29 út Rotterdam fersette him by syn oanhâlding. Omstanners holpen de bedriuwslieder fan de winkel dêr't de man wat stelle woe by it steande hâlden. Dit wie oan it Willem Alexanderplein. It ûndersyk yn dizze saak rint noch.