It giet striemin mei de strânljip yn Fryslân

11 okt 2017 - 10:40
In strânljip - Foto: Omrop Fryslân

It giet striemin mei de strânljip. Der bin der in kwart minder. Ek it tal briedsels dat útkomt en wêrfan't de jongen útfleane rint hurd werom. It is de útkomst fan in ûndersyk fan hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. Studinten ha yn natuergebiet de Sweagermieden 31 nêsten yn de gaten hâlden. Mar ien fan de piken dêr koe útfleane. Ien fan de oarsaken fan de tebekgong is predaasje. De helte fan de aaien dêr is opfretten.

Marco Hoekstra fan it Bûn Fryske Fûgelwachten sprekt fan in frije fal. Hy hat dan ek grutte soargen oer de stân fan it tal fûgels.

Trefwurden: 
strânljip BFVW
(Advertinsje)
(Advertinsje)